Unfrede op It Amelân oer ûnderhâld oan fargeul

23 apr 2015 - 17:59
  • De Sier fart tusken Holwert en It Amelân

De bewenners fan It Amelân binne klear mei de fertragings dy't de fearboat alle dagen hat tusken Holwert en It Amelân. De beskuldigjende finger giet rjochting Rykswettersteat. Dy baggeret de fargeul net goed genôch. It sit de Amelanners heech.

Dizze wike moast in útfeart op it eilân in heal oere letter begjinne om't de pastoar en guon gasten fêstsieten op de boat en dus te let wiene. In berjocht op Facebook oer de fearboatfertragings fan eilanner Richard Kiewiet waard boppedat mear as 300x dield en jout de grutte ûnfrede op it eilân oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)