360 Fryske skoallen dogge mei oan Keningsspelen

23 apr 2015 - 17:36
  • Keningsspelen

Yn Fryslân dogge freed mar leafst 360 skoallen mei oan de tredde edysje fan de Keningsspelen. Dat betsjut dat goed 50.000 bern moarn yn beweging binne yn de provinsje. Yn hiel Nederlân binne sa'n 1,2 miljoen learlingen belutsen by de Keningsspelen. Dat binne der 100.000 mear as foarich jier. De skoallen binne frij om ynfolling te jaan oan it programma.

De dei begjint tradysjegetrou mei in Kenings-moarnsbrochje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)