Sport Fryslân krijt foech om hendikeptesport te befoarderjen

23 apr 2015 - 17:32
  • Website Sport Fryslân

It sportkennissintrum Sport Fryslân wol foar alle Fryske gemeenten in brede oanpak foar hendikeptesport opsette. De organisaasje hat dêr it foech foar krigen fan de Feriening fan Fryske gemeenten. Ut ûndersyk docht bliken dat minsken yn in rolstoel minder bewege as falide minsken.

Sport Fryslân ropt gemeenten en sportklups dêrom op om mear sportmooglikheden op te setten foar minsken mei in beheining. De organisaasje helpt de gemeenten Súdwest-Fryslân, De Fryske Marren en It Hearrenfean dêr al mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)