Utprosedearre asylsykster wol graach yn Nederlân bliuwe

23 apr 2015 - 17:03

Nei alle ferskrikkingen dy't Narina yn har thúslân Armenië meimakke hat, is se sûnder identiteitspapieren nei Ruslân flechte. Mar ek dêr wie se net feilich. Se is fjouwer jier lyn yn Nederlân oankommen. Yntusken hat se de hiele proseduere foar asylsikers troch west en dat hat foar har net laat ta in ferbliuwsfergunning.

Se wurdt opfongen yn it opfanghûs fan de Betheltsjerke yn Drachten. Mar troch it beslút fan it kabinet driget dêr no ek in ein oan te kommen. Narina is bot traumatisearre troch alles wat se meimakke hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)