Grinzer kostúmmuseum krijt belangrike priis yn Fries Museum

23 apr 2015 - 16:48
  • Kostúmmuseum Noordhorn

Hyke Pilat-Post en har dochter Annebeth Pilat út it Grinzer Noordhorn krije sneon yn it Fries Museum in belangrike priis op it mêd fan streekdracht oerlange. It giet om de saneamde 'E. Bosch-Van de Kolkpriis'. De famylje Pilat krijt de priis foar harren kostúmmuseum 'De Gouden Leeuw' yn Noordhorn.

It bestjoer fan de Stichting Nederlandse Volksklederdrachten hat keazen foar dit museum omdat it op treflike wize kostúms út Fryslân, Grinslân en Drinte ynset foar kostúmkursussen. En foar de wize fan it presintearjen fan kostúms yn har museum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)