In jier sûnder ekonomyske groei foar Fryslân

23 apr 2015 - 13:50

Der hat foarich jier gjin ekonomyske groei west yn Fryslân. Dat meldt it Centraal Bureau voor de Statistiek. Fryslân hat foarich jier in krimp fan 0,7 persint sjen litten. Dat is foaral ta te skriuwen oan de beheining fan de winning fan mineralen.

De beheining fan de gaswinning soarge yn Grinslân foar in krimp fan de ekonomy fan mar leafst 7,3 persint. Yn alle oare provinsjes is de ekonomy foarich jier groeid, mei Flevolân as koprinner, dêr is de ekonomy mei 2,2 persint groeid.

Trefwurden: 
Fryslân CBS ekonomyske groei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)