Drachtster Lyseum grypt yn op lêste skoaldei om drankgebrûk

23 apr 2015 - 13:10

It Drachtster Lyseum hat de festiviteiten dy't foar tongersdeitemiddei pland stienen ôfsein. It is de lêste lesdei foardat de eineksamens begjinne. Neffens tradysje betinke de learlingen dan in stunt. Doe't dy tongersdeitemoarn útfierd waard konstatearre personiel fan de skoalle dat guon learlingen dronken hienen. Omdat dat net neffens ôfspraak wie is besletten it feest fan tongersdeitemiddei net trochgean te litten.

It foar tongersdeitejûn plande gala giet wol troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)