It swurd fan Grutte Pier pronket yn Ljouwerter binnenstêd

23 apr 2015 - 12:13
  • It swurd fan Grutte Pier net te missen op 'e Nijstêd yn Ljouwert
  • Swurd fan Grutte Pier is op 'e Nijstêd net te missen

Op de Nijstêd yn Ljouwert is it swurd fan Grutte Pier delset. It 'gouden pronkstik' fan tweintich meter heech is dêr pleatst yn it ramt fan de Nasjonale Museumwike. Sân dagen lang is op sân ferskate plakken in museumskat delset yn in stêd.

Ljouwert is dizze tongersdei as lêste oan bar. Yn Middelburg, Maastricht, Arnhem en Eindhoven stiet ek in keunststik. It swurd fan Grutte Pier stiet symboal foar de kolleksje yn it Fries museum. It doel fan de Nasjonale Museumwike is om minsken attint te meitsjen op de rykdom fan de Nederlânske musea.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)