Utprosedearre asylsikers bliuwe wolkom yn Smellingerlân

23 apr 2015 - 10:29
  • (argyffoto)

De gemeente Smellingerlân giet gewoan troch mei it bieden fan Bêd, Bad en Bôle oan útprosedearre asylsikers, ek as dat mooglik in boete foar de gemeente opsmyt. It kabinet hat nei dagen oerlis mei elkoar ôfpraat dat de asylsikers tenei allinnich opfongen wurde meie troch fiif grutte stêden en it Grinzer doarp Ter Apel.

Dy opfang mei net langer as in pear wiken duorje. Foar Smellingerlân soe dat betsjutte dat se offisjeel ophâlde moatte mei harren eigen regeling.

Neffens Wethâlder Van der Horst fan Smellingerlân is it in grut skandaal dat de lanlike PvdA en VVD dit meielkoar ôfpraat hawwe. Smellingerlân hat op it stuit twa opfanghuzen foar útprosedearre asylsikers en wol der mooglik in tredde by dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)