Dei yn it teken fan de Dútske taal en spesjaal Dútsk bier

23 apr 2015 - 10:20

Tongersdei 23 april is de dei fan de Dútske taal én fan it Dútske Bier. Dútsk bier is al hast 500 jier bûn oan strange regels fan it Reinheitsgebot. Dizze tongersdei is it 499 jier lyn dat dat ynfierd is. Yn it 'Gebot' stiet dat yn bier allinnich mar wetter, hop en mout sitte mei. Dêrom is Dútsk bier ek oars as bygelyks Belgysk Bier.

De Dei fan de Dútske taal wurdt no foar de fjirde kear organisearre om it Dútsk te promoatsjen. Dat is nedich, want te min learlingen kieze Dútsk as eineksamenfak, fine de organisatoaren.

Dizze dei komt der ek in ûndersyk nei bûten oer de stân fan de Dútske taal yn Nederlân. Ut dat ûndersyk blykt in grut tekoart oan dosinten Dútsk.

Op skoalmienskip Anna Maria van Schurman yn Frjentsjer giet it wol goed mei it ûnderwiis yn it Dútsk, seit dosinte Johanna Dam. De helte fan de learlingen kiest Dútsk as eineksamenfak. AMS hat wol ekstra omtinken foar taalûnderwiis. Sa wurdt al yn it earste jier mei Dútsk begûn en is der ek ekstra omtinken foar 'partisipaasje' om de learlingen te motivearjen om it Dútsk ek aktyf te brûken. De learlingen dy't Dútsk kieze wize op it ekonomysk belang fan de taal. Mar ek de wurkwike nei Berlyn motivearret guon om Dútsk te kiezen. Mei-inoar dogge yn Fryslân tsientallen skoallen mei oan de dei fan de Dútske taal. Yn Frjentsjer meitsje learlingen op dizze dei tematyske posters oer Dútske stêden.

Trefwurden: 
bier taal Dútsk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)