UWV skrast 300 banen by ôfdieling Hânhaving

23 apr 2015 - 10:02

It UWV sil de kommende trije jier rom 300 banen skrasse op de ôfdieling Hânhaving. De útkearingsorganisaasje hat dat tongersdei bekend makke. UWV Ljouwert hat ek in soksoarte ôfdieling, mar oft de banen ek hjir ferdwine is neffens it UWV noch net dúdlik.

De reden dat de banen skrast wurde, is dat hieltyd mear wurk automatisearre wurdt. It UWV wol gjin minsken dien jaan, en hopet op in natuerlik ferrin. Wurknimmers dy't al boppetallich wurde, krije begelieding by it sykjen nei in nije baan.

Trefwurden: 
Ljouwert UWV
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)