Ljouwert rekket bêd, bad en bôle-opfang kwyt

22 apr 2015 - 22:34

De gemeente Ljouwert rekket syn funksje as sintrumgemeente foar bêd, bad en bôle kwyt. No noch moatte alle útprosedeare asylsikers yn Fryslân fia Ljouwert opfang krije. Mar VVD en PvdA yn Den Haach hawwe woansdei besletten om dizze opfang allinnich noch yn fiif grutte stêden ta te stean: Amsterdam, Rotterdam, Den Haach, Utrecht en Eindhoven.

Dat Ljouwert syn taak yn de asylsykersopfang kwytrekket, betsjut neffens boargemaster Crone net dat de gemeente sels minsken fuort stjoere sil. Ljouwert lit dat oan de immigraasjetsjinst oer.

As de hulpferliening op oare plakken misgiet en minsken weromkomme nei Ljouwert, dan sille se dêr ek gewoan wer hulp krije, sa seit Crone.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)