Marit Bouwmeester begjint net goed yn Hyères by wrâldbeker

22 apr 2015 - 21:24

Marit Bouwmeester is net geweldich begûn oan de wrâldbekerwedstriden yn it Frânske Hyères. De Laser Radial sylster út Warten waard 16e en 15e en stiet no 13e yn it klassemint. Se wie net skerp genôch en de starts moatte de kommende dagen folle better. Pieter-Jan Postma die it yn syn Finn wol goed. Postma waard 2e en 22e en stiet fiifde yn de tuskenstân. De wedstriden duorje oant en mei snein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)