Nicky Bosman fan It Hearrenfean nei it NK pealdûnsjen

22 apr 2015 - 17:56

Nicky Bosman fan It Hearrenfean sil snein meidwaan oan it NK pealdûnsjen yn Den Bosch. De 22-jierrige studinte komt tegearre mei Mei-Jhi Wu út op it ûnderdiel duo-pealdûnsjen. By dit ûnderdiel moatte se tegearre, mar ek allinnich in rige ferplichte en frije oefeningen útfiere. De twa atletes wisten harren oan de hân fan in filmke te pleatsen. It NK wurdt foar beide de earste wedstriid pealdûnsjen.

Dochs is Bosman gjin ûnbekende yn de sportwrâld. Sûnt har sechsde jier docht se oan foltiizje, turnjen op de rêch fan in hynder. Foar dizze sport kaam se al in pear kear út op in NK, mar ek op ynternasjonaal nivo goait se hege eagen.

Om de spiergroepen yn har boppeliif ekstra te trainen, is se in jier lyn begûn mei pealdûnsjen. Nicky: "Paaldansen is ontzettend goed voor je lijf en door de combinatie van kracht, creativiteit en sierlijkheid ook nog eens heel leuk om te doen." Derneist spilet ek leeftiid in rol yn de kar foar pealdûnsjen. "Voltige houdt zo rond je 30e wel op. Paaldansen kun je langer blijven doen," sa seit de pealdûnseres.

Nicky Bosman is woansdei te gast yn it televyzjeprogramma Bynt en fertelt dêr mear oer it NK pealdûnsjen en de foaroardielen dy’t oan de sport kleve.

Sjoch jir nei har pleatsingsfilmke:

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)