Team yn earedivyzje rolstoelbasketbal troch gearwurking

22 apr 2015 - 17:38

Fryslân hat it kommende seizoen in rolstoelbasketbalteam dat útkomt yn de earedivyzje. Dyna '75 út Hearrenfean en DOV út Ljouwert sille gearwurkje sadat der ien sterk team ûntstiet dat útkomme sil op it heechste nivo.

De gearwurking tusken de basketbalferienings is belangryk, want no kinne de grutste talinten fan de ferienings mei elkoar traine. Ek kinne Dyna'75 en DOV gebrûk meitsje fan elkoars trainingsfasiliteiten.

Yn de teamnamme komt sawol DYNA as DOV werom. It team sil de thúswedstriden de iene kear yn Ljouwert spylje en de oare kear op It Hearrenfean. Der wurdt noch wol nei sponsors socht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)