Heechste baas definsje op besite by ROC-studinten

22 apr 2015 - 17:31

De Commandant der Strijdkrachten generaal Tom Middendorp hat woansdei op besite west by ROC de Friese Poort yn Ljouwert. Middendorp gie yn petear mei studinten Veiligheid en Vakmanschap oer maatskiplike dilemma's lykas ferhearliking fan oarlochsgeweld.

De besite oan it ROC is it sânde en lêste besite fan generaal Middendorp oan skoallen mei de VeVa-oplieding.

De VeVa-oplieding wurket nau gear mei definsje en bestiet út twa trajekten. Trajekt ien is feilichheid dat troch definsje jûn wurdt en trajekt twa, fakmanskip, wurdt troch de ROC Friese Poort jûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)