Man ferjit panne op it fjoer: grut alarm by brânwacht

22 apr 2015 - 16:53

Yn in senioareflat oan de Frisiastate yn Oentsjerk wie woansdeitemiddei grut alarm fanwege in fergetten pantsje op it fjoer. De brânwacht hie melding krigen fan reek op de earste etaazje. Om't it om in senioareflat gong, wienen meardere weinen ûnderweis nei de flat.

By oankomst die bliken dat in bewenner fan in appartemint in panne op it fjoer stean litten hie. De man wie sels al út de wenning. De brânwacht hat it appartemint kontroleard en koe doe wer werom nei de kazerne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)