Soad skea by twa ynbraken yn Ljouwert

22 apr 2015 - 15:20

Yn twa bedriuwen oan de Sudergrêftswâl yn Ljouwert is yn de nacht fan tiisdei op woansdei ynbrutsen. Der is by de ynbraken in flinke skea ûntstien. Der binne in cv-tsjettel, laptops, in soad ark en ôfsûgkappen stellen.

Der moat neffens de plysje in auto as in buske by brûkt wêze om it stellen guod te ferfieren. De ynbraak wie tusken 4 en 6 oere. De plysje freget tsjûgen harren te melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)