Snitswike dekôr fan 'sexy thriller-comedy'

22 apr 2015 - 14:51

De 80e edysje fan de Snitswike yn augustus is it dekôr fan filmopnamen. De film 'Sneekweek' giet oer in groep studinten dy't ûnder de Snitswike pleage wurdt troch in psychopaat. De film is it debút fan regisseur Martijn Heijne.

Heijne regissearre earder reklamefilms en tv-searjes en assistearre by films as 'Bennie Stout' en 'Death Race Inferno'. Neffens de regisseur wurdt it in 'sexy thriller-comedy'. De film moat yn de maaitiid fan 2016 yn de bioskoop draaie.

Ien fan de produsinten is de Fries Klaas de Jong, dy't earder meiwurke oan films as Michiel de Ruyter, de Toscaanse Bruiloft en Verliefd op Ibiza.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)