Regels foar reservearjen frijmerkplakjes Keningsdei

22 apr 2015 - 14:30

De gemeente Ljouwert komt mei maatregels foar minsken dy't no al in plakje foar de frijmerk fan kommende moandei regelje wolle. It duorret noch fiif dagen oant Keningsdei, mar guon minsken wolle no al in moai plakje feilich stelle.

Mei kryt in plakje ôfbakenje is tastien. Plakbân mei net brûkt wurde, omdat it dreech is dat op te romjen. Om foar te kommen dat der nei de frijmerk in soad rotsoai lizzen bliuwt, set de gemeente ôffalpunten del dêr't minsken harren guod ynleverje kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)