Yn Cambuurkleuren nei it wurk: it is SCC Day

22 apr 2015 - 12:33

De kâns is frij grut dat jo woansdei ien yn in Cambuurshirt tsjinkomme. Cambuur hat dizze woansdei útroppen ta SCC Day. Sa fiert de Ljouwerter fuotbalklup mei alle supporters de hânhavening yn de earedivyzje. Elkenien dy't Cambuur in waarm hert tadraacht wurdt oproppen om yn it giel-blau nei skoalle of wurk te gean.

Op de sosjale media steane al tsientallen foto's fan supporters dy't meidogge oan dizze dei. Ek yn benammen Ljouwert binne in soad bern yn Cambuurtenue nei skoalle kaam, lykas op de Willem Alexanderskoalle yn Aldlân.

In oersjoch fan SCC Day op de Twitter:

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)