Liudger sammelet 15.000 euro yn foar wetterpompen yn Sûdan

22 apr 2015 - 11:08
  • Learlingen helje jild op
  • In byld fan de aksjedei

Learlingen fan CSG Liudger oan de Raai yn Drachten hawwe 15.000 euro ynsammele foar wetterpompen yn Sûdan. It jild wurdt tongersdei oerhandige oan de Sûdaneeske biskop Garang en pastoar Abraham. Dy sille it jild oerhandigje oan de Imena Foundation. Dy soarget foar ûnderwiis, medyske foarsjennings en skjin drinkwetter yn it Afrikaanske lân.

Om jild yn te sammeljen hawwe de learlingen op 9 april in grutte aksjedei hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)