Delegaasje út Noardeast-Fryslân nei Brussel om subsydzje

21 apr 2015 - 17:44

Fyftich ûndernimmers, bestjoerders en organisaasjes út Noardeast-Fryslân reizgje woansdei ôf nei Brussel. Doel is om úteinlik nije subsydjes binnen te heljen foar de regio. It giet mooglik om miljoenen foar it nije gearwurkingsprogramma yn Noardeast-Fryslân dat yn 2016 losgiet.

De delegaasje praat ûnder oaren mei Nederlânske Europarlemintariërs en it komitee fan de regio's oer wêr't mooglikheden lizze foar Europeeske gearwurking. Dy gearwurkingen soene nije subsydzjemooglikheden opsmite moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)