Tarieding foar de Dei fan de Garnaal yn Lauwerseach

21 apr 2015 - 17:21
  • Garnalefiskers by de fiskôfslach

Lauwerseach makket him op foar de Dei fan Garnaal. It evenemint is op 2 maaie. Minsken kinne dan fan alles sjen en te witten komme oer de garnalefiskerij.

De Dei fan de Garnaal hie einst ferline jier septimber wêze sillen. Dat gie doe oer, omdat der in grutte brân wie yn it bedriuwsgebou fan Sterkenburg op it haventerrein. De Dei fan de Garnaal lûkt altyd tûzenen minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)