Kening Willem-Alexander op besite by Frisian Flag

21 apr 2015 - 17:12

Kening Willem-Alexander hat tiisdei in wurkbesite brocht oan de ynternasjonale oefening Frisian Flag op de fleanbasis yn Ljouwert. De Kening wie oanwêzich by in briefing foar piloaten dy't meidogge oan de missy en brocht ek in besite oan de 'Planning en Operations Room'.

De Kening waard bypraat troch in piloat fan it 322-squadron en seach ek by de startbaan dêr't 40 strieljagers de loft yngiene foar in oefenmissy. Hy waard rûnlaat troch kolonel Gerbe Verhaaf, kommandant fan de fleanbasis. Dy wie 'zeer vereerd', sa seit er op Twitter.

Frisian Flag duorret noch oant 24 april. Mear as 60 fleantugen út Nederlân, Dútslân, Finlân, Poalen, Spanje en Amearika dogge mei oan de oefening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)