Ried Eaststellingwerf praat letter oer nijbouplan-Jardinga

21 apr 2015 - 16:57
  • Gemeente Eaststellingwerf

De gemeenterie fan Eaststellingwerf praat tiisdeitejûn net oer de plannen foar de bou fan wenten yn natuergebiet Jardinga. De riedsleden hawwe tiisdeitemiddei besletten it punt fan de wurklist te heljen. Wêrom't se dat dien hawwe, is net bekend. Der is opskuor oer de plannen. Neffens de tsjinstanners soe it lêste stikje natuer by it doarp Easterwâlde dêrtroch ferlern gean.

De PvdA yn Eaststellingwerf tsjinnet tiisdeitejûn wol in moasje oer it plan yn. Dy wurdt oan de ein fan de riedsgearkomste bepraat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)