Fampiers gean inoar mei swurden te liif op Ofslútdyk

21 apr 2015 - 16:41

De Ofslútdyk is ien fan de lokaasjes dêr't in Sineeske kommersjele stjoerder dizze dagen opnames makket foar in televyzjesearje. Dat meldt de NOS. Op de dyk wurdt filme hoe't twa fampiers elkoar mei swurden te liif gean.

De Sinezen filmje net allinnich op de Ofslútdyk, mar ûnder oare ek tusken de blombollen yn Noard-Hollân, yn de Markthal yn Rotterdam en yn Amersfoort. De akteurs dy't yn de searje meidogge, binne yn Sina grutte stjerren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)