Ambassadeurs op besite op fleanbasis foar Frisian Flag

21 apr 2015 - 14:53
  • Foar de oefening Frisian flag binne in soad jachtfleantugen ûnderweis

De ambassadeurs fan Poalen, Spanje en de Feriene Steaten gean tongersdei op besite by de Fleanbasis Ljouwert. Se sjogge dan op útnoeging fan kommissaris fan de Kening by de militêre oefening Frisian Flag.

De ambassadeurs wurde earst ûntfongen op it provinsjehûs. Dêrnei gean se nei de fleanbasis. Oan Frisian Flag dogge militêren út seis lannen mei, mei sechstich strieljagers. De oefening is de twadde en lêste wike yngien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)