Ridlik goed jier foar greidefûgels

21 apr 2015 - 14:11
  • In jong ljipke
  • Mei de app kinst sjen wêr'tst de ljipaaien fûn hast

Der binne dit jier ridlik wat briedende greidefûgels. Dat seit Marco Hoekstra fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten. Hy fynt it noch te betiid om dêr konklúzjes oan te ferbinen. De neisoargers binne op 't stuit yn it lân. Se kinne harren wurk dit jier folle rapper dwaan, want mei in spesjale app kinne se fuortendaliks oanjaan wêr't se west hawwe. Dan is it makliker werom te finen.

It ljipaaisykjen is dit jier ferbean. Fûgelwachtbûn BFVW is benaud dat, as it ferbod bestean bliuwt, minsken minder oan neisoarch dwaan wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)