Lyske Gais de Bildt wint Rijksstudio Award

21 apr 2015 - 12:27

Lyske Gais de Bildt hat moandeitejûn de belangrike Rijksstudio Award foar ûntwerpers wûn. De fan oarsprong Jorwerter keunstneres krige de priis foar in earmbân dy't se makke hat. It giet om de saneamde Rembrandt Book Bracelet. It keunstwurk moast basearre wêze op de kolleksje fan it Rijksmuseum yn Amsterdam. Oan de priis is in jildbedrach fan 10.000 euro ferbûn.

Lyske Gais de Bildt makke de earmbân tegearre mei in oare keunstneresse, har mem Lia Duinker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)