Wurk oan Thialf leit op skema

21 apr 2015 - 12:13

De nijbou fan iisstadion Thialf op It Hearrenfean leit op skema. De baan kin op 15 oktober iepen foar publyk, seit direkteur Willem Jan van Elsacker fan Thialf. Van Elsacker hat noch gjin noed oer bouwer Ballast Nedam, dy't yn finansjeel swier waar sit. Wol is it sa dat Thialf de bouwer net earder betellet foar saken as as dy klear binne.

Op dit momint binne slopers dwaande de bûtenkant fan it iisstadion del te heljen. De tribunes yn it iistadion bliuwe bestean, mar der komt wol in nije iisflier mei tunnel en in nije technyske ynstallaasje.

Trefwurden: 
Thialf It Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)