Opskuor oer nijbouplan Jardinga by Easterwâlde

21 apr 2015 - 08:13

Yn Easterwâlde is opskuor ûntstien oer nijbouplannen yn it natuergebiet Jardinga. In projektûntwikkeler wol hjir wenningen foar âlderein bouwe, mar in soad doarpsbewenners binne der op tsjin. Neffens harren giet mei de plannen it lêste stikje natuer tichtby it doarp ferlern. De histoaryske feriening Easterwâlde, it bewennersoerlis en de facebook-groep Easterwâlde wolle mei in hantekenaksje berikke dat de plannen net trochgean.

Neffens inisjatyfnimmer Sjoerd Hoekstra binne de plannen krekt nedich om it gebiet te behâlden foar de natuer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)