Frysk Ljeppers Boun klear foar seizoen, sûnder ponghâlder

20 apr 2015 - 22:40

It Frysk Ljeppers Boun is klear foar it nije seizoen, mar siket noch wol in ponghâlder. Johanna Deinum fan De Lemmer hâldt der mei op, mar bliuwt wol belutsen by it ljeppen. Yn it winterskoft hat it bestjoer in protte wurk fersetten. Nei it skeel mei in part fan de technyske kommisje, nei in akkefysje op it NK fierljeppen op It Heidenskip, moast der wat feroarje. Dit seizoen wurdt der benammen ynsetten op de jeugd. Sa komt der in aparte famkeskategory. En dan wie der noch in ferrassing yn herberch De Trijesprong fan Winsum.

Syb van Dijk hat De Trijesprong, in histoarysk plakje yn fierljeplân, ferkocht oan topljepper Hans Ulco de Boer. Nei it FK yn Winsum kinne de prizen noch jierren yn it doarpskafee útrikt wurde.

Martin Winia waard nei 24 seizoenen as sjauffeur fan de fierljepbus mei de polstôkkarre, krekt as Johanna Deinum, yn it sintsje setten. Op 16 maaie is de earste wedstriid yn Burgum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)