Molkepoeier noch hieltyd rôversguod yn Fryske winkels

20 apr 2015 - 22:24

Fryske supermerken hawwe maatregels naam foar de ferkeap fan molkepoeier foar lytse poppen. Sa kinne yn guon winkels noch mar twa pakken de persoan kocht wurde. Der is in soad fraach nei molkepoeier, om't der yn Sina te min fan is. Minsken eksportearje it dan nei dat lân.

By de Spar Bijlsma yn Garyp bygelyks komme ien of twa kear yn 'e wike Sinezen del dy't ferskate pakken keapje. Moandei binne trije froulju feroardiele ta fjouwer moanne selstraf foar it stellen fan molkepoeier. Se hiene op ferskate plakken yn Fryslân harren slach slein.

By de Jumbo yn Grou meie klanten noch mar ien ferpakking molkepoeier de persoan keapje. Yn spesjale gefallen kinne minsken twa meikrije as se oerlizze mei de klanteservice yn de winkel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)