Ljouwerter skûtsje klear foar de winst nei grutte renovaasje

20 apr 2015 - 21:15

It Ljouwerter skûtsje Rienk Ulbesz moat wer winne. Dat is de grutte winsk fan foarsitter Marco Quak fan it Ljouwerter skûtsje. It skip is it ôfrûne heal jier opknapt by in werf yn Harns. It part fan de romp is fernijd, it roefke is ferfongen en ûnder oare de boaiem hat in nije coating krige.

It is de bedoeling dat it skûtsje yn de takomst wer kâns makket op prizen. De ôfrûne tiid slagge dat faak net. It skûtsje wie slop en dreech op koers te hâlden. De oanpassing hat goed oardel ton koste.

De kommende tiid wurdt de Rienk Ulbesz ôfboud yn Ljouwert. Dêrnei moat de bemanning ûnder lieding fan skipper Siete Meeter safolle mooglik sile, sadat se fertroud reitsje mei it fernijde skûtsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)