Tytsjerksteradiel en COA tekenje foar nijbou AZC

20 apr 2015 - 20:33

It Centraal Orgaan opvang Azielzoekers en de gemeente Tytsjerksteradiel hawwe moandei in oerienkomst ûndertekene foar de plannen foar de nijbou fan it AZC yn Burgum. It gebou dat der no stiet, is oan fernijing ta. Ek wurdt der plak makke foar 150 ekstra asylsikers. Yn totaal is der dan romte foar 600 asylsikers.

Hoefolle oft de nijbou fan it AZC krekt kostje sil, is noch net hielendal dúdlik. It COA ferwachtet goed 15 miljoen euro. Yn 2018 moat de nijbou klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)