Turner Epke Zonderland tinkt al oan WK yn Glasgow

20 apr 2015 - 19:17

Turner Epke Zonderland wol it Europeesk kampioenskip yn Montpellier gau ferjitte en him rjochtsje op it wrâldkampioenskip fan letter dit jier yn Glasgow. Epke wist op it EK sawol op de rekstôk as op de brêge de finale net te berikken. Nederlân kaam mar mei ien medalje thús.

Zonderland is noch wol it hiele toernoai bleaun yn Montpellier. Snein, op de dei fan de finale, hie Epke wol in dûbel gefoel oer syn minne prestaasjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)