Manlju yn Annie Westlandstrjitte oppakt mei stellen klûs

20 apr 2015 - 16:00
  • Resjerzje docht ûndersyk yn Annie Westlandstrjitte

De plysje hat moandeitemiddei twa Ljouwerters en in man út Gouda oanhâlden. Se wienen yn it hok fan in hûs oan de Annie Westlandstrjitte yn Ljouwert dwaande in stellen klûs iepen te krijen.

De plysje hie in tip krigen. Doe't meardere plysje-auto's oankamen, naaiden de manlju hurd út. Ien fan har foel en rekke ferwûne oan de holle. Hij koe nei behanneling yn it sikehûs meinaam wurde nei it buro. Dêr sitte de trije fertochten no fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)