Technasiumlearlingen komme mei ferkearsoplossing krúspunt

20 apr 2015 - 14:15
  • Learlingen komme mei oplossing foar gefaarlike ferkearssituaasje
  • Technasiumlearlingen presintearje har foarstel
  • Gefaarlike ferkearssituaasje by de Kaden en Suderdwersfeart yn Drachten

De gefaarlike krusing fan De Kaden mei de Suderdwersfeart yn Drachten moat oanpakt wurde. Learlingen Lourens Lenssen, Jildert Turkstra en Siard Boerstra fan it technasium fan skoallemienskip Liudger hawwe dêrom in plan makke foar in feiligere krusing.

Dy wurdt yn de plannen fan de learlingen ferhege. Neffens harren ha fytsers it útgongspunt west by de nije ynrjochting. De gemeente Smellingerlân sil ûndersykje oft de plannen fan de learlingen út te fieren binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)