ChristenUnie wol mear omtinken foar bline minsken yn ferkear

20 apr 2015 - 13:46
  • (stockfoto)

Der moat mear omtinken komme foar bline minsken yn it iepenbier ferfier en dan benammen yn de trein. Dat fynt de fraksje fan de ChristenUnie yn Fryslân. De ynformaasjefoarsjenning moat better, sadat minsken bygelyks witte oan hokker kant se útstappe moatte. De NS soe har meiwurkers tenei omroppe litte moatte oan hokker kant de útgong sit by it folgjende stasjon. Neffens de fraksje moat deputearre Johannes Kramer him hjir foar ynsette.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)