Ljouwerter hotels profitearje fan oefenings Frisian Flag

20 apr 2015 - 12:49

De hotels yn Ljouwert profitearje goed fan de militêre oefening Frisian Flag. Goed 400 bûtenlânske militêren ferbliuwe sa'n fjouwer wiken yn de Ljouwerter Hotels, lykas it WTC, Bastion en it Oranje Hotel.

Foar in soad hotels binne it de drokste wiken fan it jier. Dochs fernimme de meiwurkers fan de hotels der net in soad fan. De militêren krije it moarnsbrochje om seis oere en ite faak waarm bûten de doar of op de fleanbasis sels.

Frisian Flag is moandei op de helte. Hûnderten spotters fan fleantastellen sjogge nei de oefenings fan bûtenlânske strieljagers. Piloaten út Dútslân, Spanje, Finlân, Poalen en Amearika komme oer foar de ynternasjonale oefening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)