Earepenning foar trije bestjoersleden fan Wetterskip Fryslân

20 apr 2015 - 12:23

Trije bestjoersleden fan Wetterskip Fryslân hawwe moandei in earepenning krige. It giet om deistich bestjoersleden Aaltje Rispens en Roel de Jong en om algemien bestjoerslid Klaas van Weperen.

Se hâlde alle trije op as bestjoerslid. Aaltje Rispens wie tweintich jier aktyf as wetterskipsbestjoerder, Roel de Jong en Klaas van Weperen sechstjin jier. Oare âld-bestjoersleden dy't de penning earder krigen binne Herre Kingma, Arie Kranendonk, Wiggert Amsterdam en Foeke de Wolf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)