PvdA draacht ideeën oan foar it nije koälysje-akkoart

20 apr 2015 - 11:31

De PvdA freget by formateur Geart Benedictus omtinken foar de soarchtaak fan gemeenten, it fersterkjen fan it midden- en lytsbedriuw en goed en betelber wenjen yn Fryslân. De partij wol in soarchwurkfûns en enerzjyneutrale hierwennings.

Boppedat moat der oandacht bliuwe foar Kulturele Haadstêd 2018 en Wurkje foar Fryslân. Mei dizze útstellen gie de PvdA moandeitemoarn yn op de útnoeging fan de formateur en CDA-listlûker Sander de Rouwe om mei ideeën te kommen.

De nije koälysje wol dizze ideeën sa folle as mooglik meinimme yn it koälysje-akkoart. CDA, VVD, FNP en SP sille nei alle gedachten it nije kolleezje fan deputearre steaten foarmje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)