Snitser gluorket nei kampearster yn dûshokje op De Lemmer

20 apr 2015 - 10:10
  • Dûs (fotofoarbyld)

In 26-jierrige Snitser is snein troch de plysje op in kemping op De Lemmer oanhâlden om't de man gluorke nei in kampearster yn in dûshokje. De man gluorke ûnder de doar fan it hokje troch.

De frou seach de man en alarmearre de plysje. Dy hâlde de man oan yn in sanitêrromte. De Snitser hie GHB by him. De plysje ûndersiket ek oft de man belutsen west hat by in ynbraak yn in hok by in steankaravan op de kemping.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)