Unrêst oer takomst De Skalm yn Stiens

20 apr 2015 - 07:42

Der is ûnrêst oer de takomst fan kultureel sintrum De Skalm yn Stiens. Meiwurkers fan it aktiviteitesintrum ha dêroer in brânbrief nei de gemeenteried fan Ljouwerteradiel stjoerd. Heal maaie hâldt de Stichting Welzijn Middelsee op mei de eksploitaasje fan De Skalm en krije de fêste meiwurkers fan De Skalm dien.

It is lykwols noch folslein ûndúdlik wa't de eksploitaasje dêrnei oernimt. De gemeente wol it yn hannen jaan fan frijwilligers, mar hat dat noch net regele. In nije stichting sil dat nei alle gedachten nei de simmer dwaan.

Oant dat momint nimt de gemeente syn ferantwurdlikheid, sadat de doar fan De Skalm net op slot giet, seit boargemaster Broertjens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)