Snits Wyt Swart wint en is hast kampioen, FVC degradearret

19 apr 2015 - 16:00
  • Age Hains Boersma fiert syn treffer

Koprinner Snits Wyt Swart hie snein gjin inkele muoite mei de nûmer lêst FVC. Op sportpark Wiarda yn Ljouwert wûnen de Snitsers mei 9-0. Age Hains Boersma iepene de skoare nei 8 minuten, wêrnei't Erik Nederhoed der 2-0 fan makke. Boersma tekene fuort dêrnei foar de 3-0 rêststân.

Yn de twadde helte soargen doelpunten fan Erolind Derguti, Mark Homme van der Veen (2x), Tjeerd Andringa en op 'e nij twa kear topskoarder Boersma foar de romme einoerwinning.

FVC is no definityf degradearre út de sneinshaadklasse C en Snits is hast kampioen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)