Wedstriid follybalfroulju Snits live by de Omrop

19 apr 2015 - 15:07

Foar de follybalfroulju fan Snits is snein in spannende dei. Se kinne foar it earst yn 23 jier wer lânskampioen wurde. Dan moatte se yn Almelo winne fan Eurosped. It team fan Petra Groenland stapte om goed ien oere al yn de bus op wei nei Twinte. De wedstriid is live te folgjen op de radio.

De libero fan VC Snits, Janieke Popma (18) hat nocht oan de wedstryd. Dat jildt ek foar rûtinier Fenna Zeinstra. Roos van Wijnen reizget mei in hiel spesjaal gefoel ôf nei de wedstryd. Har mem stie al fiif kear yn in finale foar de lânstitel foar Snits.

De wedstryd is fan 18.00 oere sneintejûn te folgjen op Omrop Fryslân radio. Ferslachjouwer Roelof de Vries docht ek ferslach op twitter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)