Suster trappearret trio by ynbraak fersoargingshûs Boalsert

19 apr 2015 - 13:51

In nachtsuster stie sneontenacht each yn each mei trije ynbrekkers yn fersoargingshûs Huylckenstein yn Boalsert. By de ronde kaam se de trije mannen tsjin dy't 'pistola, pistola, pistola' rôpen. De frou skrok en draafde nei in kollega. Se sleaten harsels yn de kapel op en bellen doe om help.

De plysje kaam mei ferskate ienheden it gebou yn. Bûten stienen ferskate plysjeweinen om sa de útnaaiende fertochten opfange te kinnen. It gebou is trochsocht mar sûnder resultaat. Ek yn Boalsert is gjin spoar mear fan de bûtenlânsk pratende mannen fûn.

De ynbrekkers binne binnenkaam troch in doar iepen te brekken. Se ha jild meinommen út in kassalaad. De susters (23 en 55) wienen flink fan slach troch it foarfal. De plysje freget tsjûgen om har te melden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)