Goed rapportsifer foar itensbank fan Smellingerlân

19 apr 2015 - 12:57

De itensbank fan Smellingerlân giet goed om mei it bewarjen fan iten dat útdield wurdt oan kliïnten. Dat docht bliken út in foedselfeiligensûndersyk dat keuringsynstitút Sensz útfierd hat. Benammen de skjinmak, de administraasje en it foarried- en temperatuerbehear skoare goed.

Opteld krijt de organisaasje fan de ûndersikers in gemiddeld rapportsifer fan 8,3. De itensbank krijt it Waarborg Voedselveiligheid karmerk. It bestjoer is wiis mei de goede skoare, om't noch faak tocht wurdt dat itensbanken net altyd hygiënysk mei produkten omgeane.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)