Frou slacht oare frou mei glês op de holle

19 apr 2015 - 11:29

Yn Surhústerfean is in frou fan 21 jier út Stynsgea sneontenacht oppakt nei't se yn in hoareka-gelegenheid in frou mei in wynglês slein hie. It slachtoffer, in frou fan 21 jier fan De Harkema rekke ferwûne oan de achterholle en de hân. By de oanhâlding besochten oare kafeebesikers de fertochte te beskermjen. De plysjes koenen de frou wol oanhâlde, mar de kroechgongers foelen de plysjes oant de plysjewein lestich. Nei alle gedachten leit de oarsaak yn de relasjonele sfear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)